Wurkwize

It petear

Fuort al by de earste ôfspraak wurdt tawurke nei in konsept. De winsken wurde besprutsen en de besteande elementen ynventarisearre. Mar boppedat ek; wat is de styl fan it gebou? Hoe sjocht de omjouwing der út? Wat is de smaak fan de opdrachtjouwer? It gehiel moat passe: in ûntwerp kin nammentlik net los sjoen wurde fan syn omjouwing. Sa ûntstiet op de earste ôfspraak al in idee fan it plan.

It ûntwerp

Ofgeande op dit earste petear, mjittingen en foto's wurdt it idee fierder útwurke. It ûntwerp wurdt op skaal úttekene mei dêrby detailtekeningen fan guon elementen en dan oan de opdrachtjouwer foarlein. By in lânskipsûntwerp bart dit faaks yn twa stappen: earst de grutte linen, dêrnei folget de detaillearing.

Dêrnei...

As it ûntwerp nei 't sin is, kin hjir ek noch in beplantingsplan by makke wurde. Foar it hiele oanlizzen of foar in part dêrfan kin in frijbliuwende priisopjefte jûn wurde en dat jildt ek foar de oanplant. As de tún troch de opdrachtjouwer sels oanlein wurdt, kin dat ek begelaad wurde.