De mantel

It wie in wrâld op himsels, dy moaie âlde beamme-rânne om 'e pleats hinne wêr't ik grut wurden bin. Dizze âlde, rûch útgroeide eskdoarnhage waard ien kear yn 'e pear jier foar in part werom seage as hy ûnderyn te iepen waard. Sa krige de hage hieltyd wer jonge tûken, wylst der ek hiel âlde stammen yn stienen wêryn't de fûgeltsjes feilich nestelje koenen.

Mem neamde dizze rânne altyd de mantel. It wie de jas fan 'e pleats.

Elk gebou hat ferlet fan sa'n passende jas. Grut of lyts, ticht of iepen, read of giel. As er mar past. Sa'n mantel dy't past, dat is krekt foar my alle kearen de útdaging yn in ûntwerp.